Dei 25:
Hjoed run ik yn ‘e rein troch in stik Frankryk yn ‘ e buurt fan Augy-sur-Aubois en it die my hiel erg oan Fryslan tinke. Net oan Gaasterlan, mar oan de Walden, Damwald, Feenkleaster, Veenwouden; der yn ‘e buurt. Allegear lytse stikjes grun mei beamwallen er omhinne.
Ik moat tinke oan de tiid dat ik by us tante Lies en Omke Teake wenne toen ik krek yn ‘e ferpleging werkte der yn Dokkum. Ien fan myn kollega’s hie in bruloft yn dat grutte kefee yn Damwald. Wy hienen it meiinoar it hiel erg nei us sin, it wie in alderwetse bruiloft mei drank en polonaise op it ein, broekspypen omheech en dat soart
dingen.
Ik hie in aardige slok op toen ik joens werom kwam by tante Lies. Hja wachtte my op de overloop en seach hiel ernstig. “Beppe is dea” , sei se. Ik skrok ferskrikkelik en wie leau ik drekt nuchter. Nei sa’n bruloft dit nijs. Beppe lei yn it sikenhus yn Ljouwert.
No, dat soart herinneringen kin ik krije troch in lanskip: myn herinneringen binne foaral beelden, sunder lud. Mar se binne er noch, selfs hjir fier fourt yn Frankryk. Toch in bytsje thus….
(Foar de Fryske-taal-fanaten: ik kin mei myn tillefoan gjin accenten , dakjes op de letters sette, dy moat jimme er mar bytinke.. )