Pylger
Pylger,nearne leit in wei foar dy
Dyn eigen printen yn it sân
jouwe kar fan rjochting oan
Rinnend makkest sels de wei.
Ast oer it skouder sjochtst,
litte east- en noardewinen
dyn spoar hastich wer ferdwine.
Pylger, nearne leit in wei
dy binne allinnich mar
de ribbels fan de see.
Antonio Marchado